Steiger fernield oan de Kroandúkersfeart op De Lemmer

Gemeente De Fryske Marren meldt dat de steiger njonken de Kroandúkersfeart foar de twadde kear fernield is. Dy leit oan de noardkant fan De Lemmer, njonken jachthaven De Brekken. De gemeente docht oanjefte fan de baldadigens. De reparaasje kostet sa'n 2.500 euro.
De fernielingen oan de steiger © Gemeente De Fryske Marren
De gemeente freget minsken dy't wat sjoen hawwe, harren te melden by de plysje of de gemeente.