Oanriding tusken twa auto's by Wergea: ien persoan swierferwûne

Op de Wergeasterdyk hat tongersdeitemiddei in oanriding west. Dêr wiene twa auto's by belutsen. De brânwacht is op it plak om help te ferlienen, lykas trije ambulânses, de plysje en der is ek in traumahelikopter ûnderweis. Ien persoan rekke swierferwûne, twa oaren moasten foar kontrôle nei it sikehûs. Ien fan de minsken moast befrijd wurde.
© Kappers Media
De dyk is ôfsletten fanwegen it ûngelok.