Kuierders meitsje harren op foar in alternative Nijmeegse Vierdaagse

Kuierders dy't dochs de Nijmeegse Vierdaagse rinne wolle, kinne oan de alternative meidwaan dit jier. Om't de echte tocht skrast is yn ferbân mei it coronafirus jout it bûn Koninklijke Wandel Bond Nederland eltsenien de mooglikheid sels fjouwer rûten te betinken en te rinnen yn de wike dat oars yn Nijmegen de tocht holden waard.
Ben en Douwien Bloemink fan Bitgum © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Mei in spesjale app wurdt der byhâlden hokker rûte en it tal kilometers dielnimmers rûn hawwe. Ben en Douwien Bloemink fan Bitgum, beiden Vierdaagse-feteranen, hawwe de echte tocht al 14 kear rûn, en hiene de camping ek al wer bûkt. Sy sille no yn de omjouwing fan Nijmegen dizze alternative tocht kuierje.
Op it stuit binne der hielendal gjin organisearre kuiertochten, wol is Ben Bloemink dwaande mei it bûn om spesjale protokollen te ûntwikeljen sa't ek de kuiertochten ynkoarten wer hâlden wurde kinne. Nije wike kin eltsenien him opjaan foar de alternative Vierdaagse.
Ferslachjouwer Willem de Vries op 'en paad mei Ben en Douwien Bloemink