ROC Friese Poort giet mei buske nei studinten dy't 'út byld reitsje'

11 jun 2020 - 11:03

ROC Friese Poort hat in spesjale bus op tou set om by studinten en learlingen op besite te gean dy't yn dizze coronatiid út byld driigje te reitsjen. In dekaan en en skoalmaatskiplik wurker sille by de learlingen thús del om harren te stypjen mei persoanlik advys oer bygelyks stúdzje, staazje en ferfolchoplieding.

Agnes van der Meulen en Lenze Kielstra - Foto: ROC Friese Poort

De skoalynstelling jout oan dat net alle learlingen of studinten trou by de digitale lessen binne. Sa reitsje der dus bepaalde bern 'út byld.'

Dekaan Technyk Lenze Kielstra jout oan dat hy lykwols wol fragen krige fan vmbo-learlingen, -skoallen en -âlden oer ferfolchopliedingen. Dêrom tocht er dat persoanlik kontakt in goeie oplossing wêze soe en sa kaam it idee fan it buske. By de besite mei it buske sil wol rekken hâlden wurde mei de coronamaatregels, jout ROC Friese Poort oan.

Dekaan Lenze Kielstra

(advertinsje)
(advertinsje)