Flixbussen sette fan 18 juny ôf wer útein

De Flixbus set wer útein mei ritten, it bedriuw dat busferfier oer lange ôfstannen fersoarget. Fan 18 juny ôf sil de bus wer yn Nederlân ride. Yn Fryslân binne fiif opstapplakken: Ljouwert, Frjentsjer, Harns, de Ofslútdyk en Drachten. Fanwegen it coronafirus lei it ferfier al in skoft stil.
© Omrop Fryslan
De bussen sille foarearst benammen op Dútslân en België ride. Ek yn België en Frankryk sille de bussen fan 18 juny wer ride. Wol jildt der lykas yn it oare iepenbier ferfier dat reizgers in mûlkapke op hawwe moatte en dat it tal passazjiers beheind bliuwt.