Kollum: "Bollestront"

"De kollega-kollumnist fan sneon makke him drok oer de kollega-kollumnist fan tongersdei, omdat dy him tefolle drok makket oer links of rjochts. Rjochts, sa seit Ferdinand, want sa hjit er, komt der dan meastal net goed foarwei. 'En dan druk ik my sêft út,' fynt Ferdinand. En hy hat wat dat oan giet hielendal gelyk, en ik ljochtsje graach ris ta wêrom't dat is.
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Ik fûn it in aardichheid om nei dy iepeningsset in kollum te lêzen dy't in lofsang is op Lodewijk Asscher. De nije koers fan de Partij van de Arbeid docht de partij fertuten, seit Ferdinand, en de realistyske hâlding fan Asscher bringt de partij noch fier. Ferdinand syn punt is dat as we sûn en fatsoenlik út de krisis komme wolle, we it meast ha oan ien as Asscher, dy't foaral nei de ynhâld sjocht. Dêr soene guon fraksjefoarsitters in foarbyld oan nimme moatte. Lykas guon stikjesskriuwers, seit er.
Asscher kenne wy hjir yn Amsterdam al wat langer. Hy waard hjir yn 2006 wethâlder, en gie der plat foar lizzen doe't de minister fan Finânsjes oandielen Skiphol ferkeapje woe. Fun fact: Skiphol wie en is noch altyd foar it grutste part yn hannen fan sawol it Ryk as de gemeente Amsterdam. Fan alle oerheidstaken dy't privatisearre binne, wie dit miskien wol de meast geskikte kandidaat. Mar nee.
Asscher wie ek de driuwende krêft achter de 'ontmoediging' fan prostitúsje yn 'e haadstêd; in oanpak dêr't fyftjin jier letter noch altyd in protte krityk op is om't it gjin inkeld effekt hat. Ast it leuk fynst, kinst ris googelje op hoe't yn 'e coronakrisis mei dit spesifike kontaktberop omgien wurdt.
Asscher waard yn 2012 vice-premier en minister fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid yn it kabinet Rutte II. Yn 2014 waard Asscher troch de top fan 'e Belestingtsjinst meardere kearen op wiisd dat âlden soms tige swiere sanksjes oplein krigen foar relatyf lytse fouten. Dat giet oer wat we no kinne as de 'Toeslagenaffaire', in dossier oer bygelyks it etnysk profilearjen troch ús Belestingtsjinst. In dossier dat noch lang net ticht is.
Asscher seit no, hiel realistysk, dat er him neat heuge kin fan sokke berjochten. Ferline wike waard dúdlik dat de Twadde Keamer Asscher no wolris ûnder de eed heare wol hjiroer. Jo freegje je ôf oft je ea in twaddehânsk auto fan dizze man keapje moatte.
Jesse Klaver neamde de hannelwize 'institutioneel racisme', en sa binne we wer by hjoed-de-dei. Bygelyks by it twitteraccount fan Thierry Baudet. Wêr't Baudet fan 'e wike in foto op sette fan in wrâldoarloggemonumint, twa yn ien, hiel effisjint, dat bekladde wie mei de tekst 'Fuck White People'. Baudet sette derby 'Wie onze geschiedenis en identiteit niet respecteert heeft geen plaats in onze landen.' Dan moast krekt Twitter ha. Yn no time wie dúdlik, mei fotobewiis en alles, dat dit plaatsje net út 'onze landen' kaam. En ek net út dit jier. Mar út 2016, Kaapstad.
Dêrmei konfrontearre, retweete Baudet 'alsof antiblank racisme oké is wanneer het in Kaapstad gebeurt'. Nee, fansels net. Mar Súd-Afrika hat in kompleet oare skiednis (en identiteit), en dat plaatsje hasto net yn 2016 twittere, mar no, midden yn Black Lives Matter demonstraasjes. En Baudet set sa'n plaatsje neist it delheljen fan in stânbyld yn fan in slavehanneler yn Bristol. Dat is dus krekt wêr't ik it hjir ferline wike oer hie, in dog whistle. FvD'ers snappe hiel goed wêr't dit oer giet: it stânbyld fan Jan Pieterszoon Coen yn Hoorn sil op syn sokkel bliuwe.
Om no op it punt fan Ferdinand werom te kommen: elke harker mei tinke wat er wol oer myn politike foarkar. Mar it giet nimmen in fluit oan. Wêr't ik hjir oer skriuw is de bollestront. As dat oer Asscher giet, dan giet it oer Asscher, mar wat giet it ferdomd faak oer de PVV en de FvD.
Echte bollestront-partijen binnen der ek op links; sjoch mar ris nei de uterings fan DENK of de Partij voor de Dieren. It ferskil is dat PVV en FvD elk op sa'n tolve, fjirtjin sitten stean yn 'e peilingen. DENK en de 'dieren' komme byinoar noch net iens op 'e helte.
As stikjesskriuwer skriuw ik oer de bollestront dêr't in flagge op set wurdt. Fandêr, kollega-kollumnist op sneon."