BijenFlinterLint yn de berms njonken de Jaanfeart by Jorwert

Tolve leden fan BijenFlinterLint en Stichting Nijkleaster sille tongersdei 1,5 kilometer oan berm op it dykje fan de Jaanfeart by Jorwert ynsiedzje mei blommen. Der soenen earst ek skoalbern meidwaan, mar dat giet fanwege it coronafirus net troch.
© Omrop Fryslân
Margaretha Posthumus fan BijenFlinterLint leit út wat it krekt betsjut: "In BijenFlinterLint is in blomryk lint by de dyk del, yn de berms fan Nij-Baarderadiel. Wy hawwe dat betocht nei oanlieding fan de weryndieling fan Littenseradiel, doe binne wy mei tsien doarpen nei Ljouwert gien. Dy neame wy Nij-Baarderadiel. Sûnt 2017 hawwe wy al mei 525 skoalbern al 33 kilometer ynsiedde. Der komme lânseigen planten yn, dy't ek yn de berms thús hearre. De grûn is klaaiïch, dus der is wol in flinke woartel nedich om it iepen te meitsjen. In hiel ferskaat fan blommen en kleur."

Bioferskaat

It wurdt yn it earste plak dien foar it bioferskaat, seit Posthumus. "Dat is sa bot tebek rûn yn de lêste 30 jier. De ynsekten rinne dan ek werom en dêrmei ek wer de greidefûngels. It is in hiele skeakel dy't úteinlik by de minske útkomt."

Nijkleaster

Stichting Nijkleaster spilet dêr ek in rol yn. "Nijkleaster rint altyd in paad op woansdeitejûn fan Jorwert nei De Him. Dêr kinne je moai ta rêst komme, midden yn de greidhoeke. Wy hawwe harren frege om mei te dwaan, om't sy der ek eltse kear del rinne. Keunstner Jentje Popma hat in pear jier lyn syn atelier oan de Potmarge skonken oan Nijkleaster. Dêr mochten sy mei dwaan wat sy woene. Dat hat in startkapitaal jûn om in pleats ûnder Hilaard te keapjen dêr't Nijkleaster ek fysyk in plak krijt."
Yn lytse groepkes sil it wurk úteinsette. "Wy binne der wiis mei dat it wat reint, want dat is wol nedich. Oer in wike of seis moatte de earste blommen te sjen wêze," tinkt Posthumus.
Margaretha Posthumus fan BijenFlinterLint