UPDATE: Grutte steuring Vodafone ferholpen, dokterswacht wer te berikken

De grutte netwerksteuring fan provider Vodafone is wer ferholpen. Dat hat it bedriuw oan de ein fan tongersdeitemoarn bekend makke. Fanwegen de steuring wiene ferskate ynstânsjes, wêrûnder de dokterswacht, sûnt woansdeitenacht net goed te berikken.
Dokterswacht Friesland © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De steuring jilde net allinne foar Fryslân, mar ek foar Grinslân en Drinte. Neffens in wurdfierder fan Dokterswacht Friesland hawwe sy dit noch nea earder meimakke. Minsken dy't driuwend ferlet hiene fan in dokter, waard advisearre 112 te beljen. Nei acht oere moarns wiene reguliere húsdokters gewoanwei wer te berikken.

Telefoansteuring

It gie om in lanlike steuring by telefoanprovider Vodafone. Sa wiene de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ek net berikber fanwegen de steuring. Neffens de Meldkamer Noord-Nederland wiene ek ferskate húsdokterpraktiken net berikber.