Steaten ha noed oer takomst Thialf: "Kin himsels net bedrippe"

10 jun 2020 - 22:28

Der binne soargen yn Provinsjale Steaten oer de takomst fan Thialf. Woansdei praten de partijen yn in kommisjegearkomste oer it herstelplan fan Deputearre Steaten, dat op koarte termyn twa miljoen euro ynvestearje wol om de iishal te rêden.

Iisstadion Thialf krijt 2,9 miljoen 'rêdingskredyt' fan provinsje en gemeente - Foto: Omrop Fryslân

Opposysjepartijen as GrienLinks, ChristenUnie en D66 seine woansdei te wrakseljen mei it foarstel fan Deputearre Steaten, om't der noch in hiel soad ûndúdlikens is. Fraksjefoarsitter Romke de Jong fan D66: "De tekoarten bliuwe wol en binne net lyts. It sil ús hiel lang efterfolgje. Wat ik miste yn de gearkomste is in strukturele oplossing. Miskien moatte we wol werom nei de rekkentafel en gericht sjen nei in grut ynvestearringsplan om op lange termyn de eksploitaasje slutend te krijen. Foar ús is in net slutende begrutting eins net akseptabel."

Der is in jierliks struktureel tekoart fan seis ton. Dêr moat neffens De Jong earst nei sjoen wurde en dan pas nei it needkredyt fan twa miljoen euro, dat Deputearre Steaten no jaan wol. "Ik fyn it lestich no jild te jaan. In tydlik kredyt kinne we bêst mei libje, mar we wolle dat ús kolleezje no wurk makket om te sjen wat der no nedich is."

Fraksjefoarsitter Romke de Jong fan D66

Deselde soargen binne der ek by de FNP, sa seit fraksjefoarsitter Corlienke de Jong. "Ut de stikken docht bliken dat, wolle jo sa'n lokaasje oerein hâlde, we der net ûnderút kinne dat der bliuwend jild nedich is. Thialf kin himsels net bedrippe. As wy as mienskip fine dat Thialf oerein bliuwe moat foar topsport en breedtesport, sille we alle jierren mei alle partijen jild op it kleed lizze moatte, dêr kinst net ûnderút."

Dochs is der neffens deputearre Sander de Rouwe wol goeie hoop op swarte sifers, sa joech er woansdei yn de kommisjegearkomste oan: "Een structurele oplossing is er nog niet, maar er is wel zicht op. Onder voorbehoud van corona."

Fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP

CDA en PvdA diene ferline wike al de oprop om mear jild te freegjen oan oare partijen as reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF. Dat foarstel wurdt ek stipe troch de FNP, neffens De Jong. "Us grûnhâlding tsjinoer it herstelplan is posityf, mar der sitte wol betingsten oan. Ien dêrfan soe wêze kinne dat de partijen dy't gebrûk meitsje fan Thialf bydrage nei hoefolle se it brûke. It kin net sa wêze dat se net genôch bydrage, dat fine we net terjochte."

Woansdei 17 juny wurdt yn in Steategearkomste praat oer it herstelplan foar Thialf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)