'Probleemdyk' de Skieding kin lang om let oanpakt wurde

10 jun 2020 - 20:40

It liket derop dat probleemdyk de N358, ek wol bekend as de Skieding, einliks oanpakt wurde kin. It doel is de dyk feiliger te meitsjen. Der wurdt al hiel lang praat oer de fernijing fan dizze dyk dy't tusken Surhústerfean en de A7 leit.

Foto: Omrop Fryslân

De ynspraakperioade is sletten en de provinsje sil no oan de slach mei de lêste beswieren en it oankeapjen fan grûn. Oan de ein fan dit jier moat der offisjeel in beslút oer naam wurde yn de Steaten sadat takom jier de skeppe de grûn yn kin. Benammen yn de spits kin de dyk de drokte hast net oan. It wie yn it ferline in B-wei, mar mei it tanimmen fan it ferkear achterbleaun yn kapasiteit.

Durk Pool fan de VVD is al jieren dwaande mei dit plan en is bliid dat der no skot yn komt. Hielendal bliid is er der net mei, want hy hie de dyk leaver op in oar plak en rûte sjoen, mar in plan dêrfoar helle it net yn de Steaten.

Durk Pool

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Yn de plannen stiet dat op in tal plakken ovondes komme. Ek wurdt bochten minder skerp makke.

De Skieding leit - sa't de namme al seit - op de grins fan Fryslân en Grinslân. Dêrom moat ek yn de provinsje Grinslân en de gemeente Westerkwartier besluten naam wurde om ferbettering fan De Skieding mooglik te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)