Cambuur net yn heger berop en sjocht út nei algemiene ledegearkomste

10 jun 2020 - 19:51

SC Cambuur giet net yn heger berop tsjin de beslissing fan it fuotbalbûn KNVB om gjin promoasje en degradaasje ta te passen foar dit seizoen. De rjochter joech de KNVB gelyk yn harren beslút om SC Cambuur en De Graafschap net promovearje te litten. De klups komme sadwaande ek takom seizoen út yn de Earste Difyzje.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Troch it coronafirus koe de kompetysje net ôfmakke wurde. De KNVB hat hjirop besletten om gjin promoasje oan Cambuur en De Graafschap ta te kennen. De rjochter joech de KNVB fjouwer wiken lyn gelyk. "Cambuur hat doe al oanjûn dat de rjochter stevige arguminten hjir foar hie", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Dus in grutte ferrassing is it net dat de klup net yn heger berop giet."

Tongersdei is it fjouwer wiken lyn dat de rjochter útspraak die yn de saak tusken Cambuur, De Graafschap en it fuotbalbûn KNVB. Dat it no tongersdei fjouwer wiken lyn is, betsjut dat it de lêste dei is dat Cambuur, mei De Graafschap, noch heger berop oantekenje kinne soe.

Ferslachjouwer Andor Faber oer it beslút fan Cambuur

(advertinsje)
(advertinsje)