Harnzer Isaac Gillissen rydt yn firtuele Le Mans: "Eer om naast mijn helden te rijden"

10 jun 2020 - 19:09

Isaac Gillissen (20) fan Harns rydt dit wykein yn de 24 oeren fan Le Mans tsjin Max Verstappen, Charles Leclerc en Fernando Alonso. Firtueel, dat wol, want de echte wedstriid giet net troch.

Isaac Gillissen - Foto: Logitech G

Saneamde sim-racers ride de wedstriid no, yn teams fan fjouwer, mei oare sim-racers, en topkoereurs. Gillissen rydt yn in team mei de Frânske koereur Jean-Eric Vergne, dy't normaal útkomt yn de Formule E, dêr't de Fries Nyck de Vries ek yn rydt mei simracer Jarno Opmeer, dy't dus normaal fia de kompjûter meidocht oan sokke wedstriden en mei Formule 1 koereur Pierre Gasly, dy't foarich jier neist Max Verstappen ried yn it team fan Red Bull.

"Het is geweldig om mee te doen," seit Isaac Gillissen. "We zijn al weken aan het trainen, het wordt waarschijnlijk de meest bekeken virtuele race van het jaar. Ik vind het een eer om te rijden naast mijn helden, maar ik wil natuurlijk wel van ze winnen." Dêrom is er al wiken oan it oefenjen en ferskate senario's oan it simulearjen.

"De echte coureurs komen nu in onze wereld en wij geven tips hoe ze moeten rijden. Het is gaaf om te zien hoe snel ze zich aanpassen."

Wat syn kânsen binne, kin er net ynskatte en ûnderwilens moat er ek noch studearje foar syn tintamens. "Het is een drukke boel." Hy is net senuwachtiger as oars. "Ik ben het wel gewend om met publiek te spelen."

Isaac Gillissen

De firtuele 24 oeren fan Le Mans begjint sneon 13 juny om 15.00 oere en einiget in dei letter, op 14 juny. Der dogge 50 teams mei, mei elk 2 profesjonele koereurs en 2 simracers. De race is te sjen op telefyzje en online.

(advertinsje)
(advertinsje)