Douwe de Vries hat dûbeld gefoel oer simmeriis: moai, mar wol let

It begûn twa wiken lyn mei in útspraak fan Sven Kramer dy't sei dat it in minne saak wie dat reedriders net op simmeriis yn Thialf ride koene. Der komt no dochs noch simmeriis. It jout âld-reedrider Douwe de Vries en no foarsitter fan de atletekommisje fan de KNSB in wat dûbeld gefoel.
Douwe de Vries stiet nei ôfrin Omrop Fryslân te wurd © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
"Oan de iene kant is it supermoai en binne we bliid mei it simmeriis, mar foar de riders is it wol deeglik in stap achterút. Gewoanwei hienen se der al juny op kinnen en no pas ein july, dus dat is mear nei de ein fan de simmer." Hy is him der bewust fan dat it no net oars kin, mar hy hat wol noed oer de takomst fan Thialf.
"We moatte as feriening en de riders de diskusje oan dat we de topsportfasiliteiten hâlde wolle yn Thialf. Takom jier binne de Olympyske Spelen en in mindere kwaliteit fan it iis hat ek gefolgen foar de riders. Oan medaljes sit in priiskaartsje."
Shorttrackers kinne fan 13 july terjocht op it iis fan Thialf, de langebaanriders twa wiken letter.
Douwe De Vries