D66: "Mear omtinken foar doarpen mei eigen wynturbine"

By rykssubsydzjes foar duorsumens moat der mear omtinken komme foar doarpen mei in eigen wynturbine. Dat fynt D66 yn Provinsjale Steaten. De fraksje wol dat it provinsjebestjoer hjirfoar in lobby opset by it ryk.
© Omrop Fryslân
Neffens fraksjefoarsitter Romke de Jong binne de subsydzjeregelingen fan it ryk oant no ta benammen rjochte op hegere wynturbines. Dertroch falle lytsere doarpsmûnen bûten de boat, wylst dêr yn de doarpen wol draachflaak foar is.
Ek makket D66 him soargen oer de tagonklikheid fan subsydzjeregelingen foar stifchtingen en ferienings, wylst doarpsmûnen dêr faak by ûnderbrocht binne. De partij is bot foar griene enerzjy en fynt dan ek dat alle ynisjativen dy't dêroan bydrage stimulearre wurde moatte.