Friese Poort begjint Maritieme Campus op Urk

10 jun 2020 - 17:54

ROC Friese Poort wol in Maritieme Campus begjinne op Urk, yn de Noardeast-Polder. Se hawwe oardel miljoen euro krigen, om it plan fierder te ûntwikkeljen.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De campus moat in bopperegionale funksje krije, om Urk dêrmei ek ynternasjonaal op 'e kaart te setten. Op de campus moat plak wêze foar in grut ferskaat oan opliedingen, lykas fiskerij-, keapfardij- en binnenfeart-opliedingen. Dêrneist moat it ek in kennissintrum wurde foar de folsleine maritime sektor yn it algemien, en de fiskerij yn it bysûnder.

De ûntwikkeling fan it totale projekt sil fjouwer jier yn beslach nimme. De hjoeddeistige lokaasje fan ROC Friese Poort op Urk sil fernijd en útwreide wurde, mei ûnder oare moderne simulatoaren. Ek moat der in binnenbad komme foar trainingen, wêrtroch't de opliedingen net mear ôfhinklik binne fan it waar.

Miljoenen

De totale projektkosten lizze by de trije miljoen euro. De helte dêrfan komt fan it Regiodeal Noordelijk Flevoland. ROC Friese Poort betellet de oare oardel miljoen, wêrfan't fyftjin prosint út it bedriuwslibben komme moat.

Trefwurden: 
ROC Friese Poort Urk Campus
(advertinsje)
(advertinsje)