Feriening fan bouboeren: Net alles mar fan bûten Europa ymportearje

10 jun 2020 - 17:43

Hoe moat der yn de takomst mei de bouboeren omgien wurde? Dat is de fraach dy't woansdeitemiddei sintraal stie by de presintaasje fan de takomstfyzje fan de Nederlandse Akkerbouw Vereniging. Kearn fan it stik is in behearsking fan it oanbod. Iten soe te wichtich wêze om sûnder rezjy oan de frije merk oer te litten.

Foto: Eigen foto

Wy fine dat der regels komme moatte foar de bûtengrinzen fan Europa, seit Biltboer Teun de Jong fan de Nederlandse Akkerbouw Vereniging. Oars kin de Europeeske merk oerspield wurde mei goedkeapere produkten fan in legere standert dy't net oan de Europeeske regels foldogge. As foarbyld neamt De Jong it lân Kanada dat allerhanne gewaaksbeskermingsmiddels brûkt dy't hjir fanwege it miljeu ferbean binne. As dat hjir binnenkomt, hellet it de prizen ûnderút en dêr moatte regels foar komme. As de boer it net folhâlde kin, is op 't lest de winkel ek leech. Dat moat foarkaam wurde.

Duorsum buorkje kostet jild, wa betellet it?

Duorsumens stiet ek yn de takomstfizy fan de Nederlandse Akkerbouw Vereniging. Dat hat in kostpriis en it betsjut dat de boer der minder oan fertsjinnet. Dat jild sil earne weikomme moatte, seit De Jong. De konsumint sil derfoar betelje moatte. Dat bart net as jo itselde produkt tsjin in legere kostpriis út bygelyks de Oekraine of út Brazilië helje. Der sille ek regels foar komme moatte.

"Basisiten net fan bûten Europa weihelje"

De coronakrisis hat sjen litten dat jo hjirre yn Europa net alles ferdwine litte moatte, giet De Jong fierder. Sa komme medisinen tsjintwurdich ut Sina of Yndia. By in krisis of in ramp stûket de oanfier. Dat kin Europa him as ûntwikkele en ryk kontinint net barre litte. De ierdbeien wurde ek net fan bûten Europa weihelle, neffens De Jong, en sa moatte jo dat mei it basisiten ek dwaan.

De takomstfizy dy't woansdei presintearre waard, is al nei de Twadde Keamer ta gien en de ministers krije him ek noch. De Jong hopet dat de polityk de fyzje neinimt yn de programma's foar de oankommende ferkiezings.

Teun de Jong

(advertinsje)
(advertinsje)