Hûnderttûzen euro foar lokale media: "Moai dat de provinsje dêr ek nei sjocht"

10 jun 2020 - 17:36

It jild dat de provinsje beskikber stelt om de lokale sjoernalistyk te stypjen, no't troch de coronakrisis de advertinsje-ynkomsten fuortfallen binne, is tige wolkom. Dat seit Gerard de Jong, jierrenlang haadredakteur fan de Bildtse Post.

Foto: Pixabay

Gerard de Jong wol dy hûnderttûzen euro wol sa earlik mooglik ferdiele oer de lokale media. "Dat is 't poasitive fan dut plan; dat d'r 'n keer niet sien wort naar de Luwter Krant of 't Fries Dagblâd, maar na de lokale media die't met baide poaten in de gemeenskap staan. En 'n mooi idee dat de provînsy ok naar de lokale media siet en die probeert te steunen."

Ek by de Bildtse Post rinne de advertinsje-ynkomsten werom troch de coronakrisis. "Dat geldt fansels foor elkeneen, maar op lokaal nivo geldt dat weer op 'n andere menier. Wer't Poepjes 't ok over het: 't mes snijdt an twee kanten, je kinne lokale kranten hiermet steune deur adfertînsyrúmte in te kopen, mar toegelyk kin de provînsy adfertînsyrúmte inkope om sien te laten wer't se met doende binne en dat de lezer dat ok met krije kin, deur niet alleen in de Luwter Krant of 't Fries Dagblâd te sien."

De nekke útstekke

"Ik sou 't sels heel mooi fine at de deputeerde met de provînsy sêge sou: in de Bildtse Post sette wij 'n Bildtse pagina op, om de meertalighyd an te prizen en der wil ik graag bij helpe om te fertalen", giet De Jong fierder.

"Om 'n foorbeeld te noemen: de gemeente Waadhoeke, der't 't Bildt sont 2018 onder fâlt, het echt de nek útstoken en sont april al said: de kommende drie maanden sille wij meer pagina's ôfnimme in de lokale kranten om die dos te steunen op 't gebied fan fortfallende adfertînsy-inkomsten. At de provînsy hiermet dat foorbeeld folgt, is dat fansels goed toe te juichen."

Gerard de Jong, haadredakteur fan de Bildtse Post

(advertinsje)
(advertinsje)