Campings bliid mei iepening húskes en dûsen; reservearringen nimme ta

10 jun 2020 - 17:22

Op in grutte camping as It Wiid yn Earnewâld is it toiletgebou al iepen, mar allinnich foar dei-rekreaasje. Dat komt aanst ek foar kampearders en der mei dan dûst wurde. Dêrom krigen se dizze woansdei al mear gasten. Neffens Annelie Bleckman fan It Wiid is no it belangrykste om te foldwaan oan de oardelmeter-regel.

Mobile toiletten foar Johannahoeve - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It wie de ôfrûne tiid rêstich op de boerecamping Johanna Hoeve yn Ryptsjerk. Fanwege de corona-maatregelen stiene de measte kampearplakken leech. Der binne 12 konteners mei losse húskes en dûsen pleatst om oan de coronaregels foldwaan te kinnen. Eigener Johnny van Eijden hat it no al oer in topjier.

Trefwurden: 
camping húskes coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)