Sportcoach: "Hâld by mooglik folgjende lockdown mear rekken mei bern mei in ferstanlike beheining"

10 jun 2020 - 17:09

Sportles foar bern mei al in skoftke wer. Dochs is it net foar eltsenien fanselssprekkend. Bern fan it spesjaal ûnderwiis op It Hearrenfean hawwe woansdei harren twadde sportles sûnt it begjin fan de lockdown. Dat it noch mar de twadde kear is, is net goed foar de bern, seit sportcoach Marko de Vries fan Sport Anders. Want de lockdown hat in grutte ynfloed hân op it libben fan de bern mei in ferstanlike beheining.

NOCH 12-13 LIVE Handikapte bern krije foar it earst sûnt coronamaatregels wer sporles

De struktuer, dêr draait it allegear om seit Marko de Vries. "Dat binne se folslein kwyt. Net nei skoalle en dan thús it húswurk dwaan. Dat is foar dizze groep dreech. Se wurde út in rinnende trein helle. En dan meie se ek net sport. Dat betsjut ek gjin ekstra beweging. En just dat is sa goed foar dizze groep bern."

De lessen gean no wer troch. Foar de twadde kear noch mar sûnt de lockdown. De beheinings dy't der binne, it dragen fan in mûlkapke yn de auto en inoar gjin knuffel jaan meie, falle De Vries swier. Mar net allinnich him. De bern begripe it ek net. Sa moat de ien in mûlkapke op en de oar net. It ôfstân hâlden is ek dreech. Foar't er it wit, hinget Sam Marko al om 'e nekke.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Sam moat ek eksamen dwaan. Hy wurdt assistint-coach: "Ja, dan krijg ik een diploma en een t-shirt." Sam is bliid dat hy wer los kin. "Ik heb op school gezeten, huiswerk gedaan en mocht zwemmen. Maar dit heb ik heel erg gemist."

Ik vond het saai. Ik ben blij dat ik hier weer mag sporten.

Hidde

Dat jildt ek foar Hidde. "Ik vond het saai. Ik ben blij dat ik hier weer mag sporten." Thús wie hy mei oare saken dwaande: gamen. "Ik zat te wachten op een game die uitkwam. Maar die komt nu pas uit. Ik heb met mijn vader Minecraft gespeeld."

Nei in rûntsje tikkerke leit de groep wurch op de grûn. Krekt sa't De Vries it wol. "Dit soarte fan struktuer helpt de bern. No leit alles sa troch de fakânsje wer hielendal stil. En dan begjinne we yn septimber wer folslein op nul. En dat twa kear achterinoar. By in folgjende kear moat it regear echt better rekken hâlde mei dizze groep. Dus lit se sporte, doch net te krampachtich. Want dizze bern fertsjinje it ek om gelokkich te wêzen."

Trefwurden: 
sport handicapt coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)