NHL Stenden hâldt online iepen dei: 500 oanmeldingen

10 jun 2020 - 15:49

Hegeskoalle NHL Stenden hat sa'n 500 oanmeldingen krigen foar de online iepen dei dy't tongersdei op 'e nij hâlden wurdt. Troch de coronamaatregels is it noch hieltyd net mooglik om de lokaasjes fan de Ljouwerter hegeskoalle iepen te stellen foar oankommende studinten.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Tagelyk fernimme se by NHL Steden dat der noch altyd in groep is dy't twivelet oer de kar foar in oplieding foar it nije skoaljier.

Twiveljende studinten kinne dêrom online fragen stelle oan dosinten. Mei-elkoar sitte goed 120 dosinten, studinten en stúdzjekaradviseurs klear.

(advertinsje)
(advertinsje)