FIDEO: Fiering 75 jier befrijing fan Skiermûntseach

11 jun 2020 - 22:14

Skiermûntseach is it lêste stikje Nederlân dat 75 jier lyn op 11 juny befrijd waard fan de Dútsers. Hast seis wiken letter as de rest fan Nederlân, mar wat is der eins op Skiermûntseach bard yn dy tiid? Hoe kaam it dat it eilân sa let befrijd waard? Yn dizze spesjale telefyzje-útstjoering sjocht Omrop Fryslân werom.

Tsjûgen fertelle harren ferhaal, der binne bylden út it ferline te sjen en der is live muzyk fan Jan Tekstra, hy skreau spesjaal foar dizze gelegenheid it nûmer 'Soe ik ea ferjitte'.

Gefolgen foar eilanner mienskip

De oarloch hie in grutte impact op de lytse eilanner mienskip. De lêste tsjûgen fertelle oer ûnder oaren it ûnderdûken fan Joadske bern en de bombardeminten op it eilân. Ien fan de gasten is de eardere fersetsfrou Joke Folmer. Sy brocht alliearde piloaten nei België ta en waard troch de Dútsers oppakt. Sy stimulearre de 4 maaiebetinking op it eilân en soarge derfoar dat dêrby ek omtinken wie foar de Dútske kant. Neist it ferhaal fan Joke Folmer binne yn de útstjoering mear ferhalen te hearren oer de Twadde Wrâldoarloch en befrijing fan Skiermûntseach.

De provinsje Fryslân wol de befrijing fan Skiermûntseach betinke, mar om't troch de coronamaatregels gjin grut evenemint mei in protte minsken mooglik is, is yn it plak dêrfan dizze telefyzje-útstjoering.

De útstjoering wie op tongersdei 11 juny tusken 15.30 oere en 17.00 oere op Omrop Fryslân telefyzje, op De Koaipleats op Skiermûntseach. Op snein 14 juny om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.

(advertinsje)
(advertinsje)