Soad reek by brân yn wenhûs yn Brederostrjitte yn Ljouwert

Yn de Brederostrjitte yn Ljouwert is woansdeitemiddei brân ûntstien yn in wenhûs. Der kaam in soad reek út de wenning. De bewenner hat reek binnenkrigen en is behannele yn de ambulânse.
© ProNews Producties
By de brân binne de sliepkeamer en de keuken hielendal útbrând en ek de wenkeamer hat in protte skea oprûn.
Yn it hûs wiene ek in tal katten. Dêrom is de bisteambulânse oproppen, om eventueel help te ferlienen.