Iepening Lelystad Airport opskowe is "stap yn goede rjochting"

10 jun 2020 - 14:39

It stânpunt fan ChristenUnie yn de Twadde Keamer, om de iepening fan Lelystad Airport op 'e lange baan te skowen, is in stap yn de goede rjochting. Dat is de reaksje fan loftfeartspesjalist Rob de Wind fan Munnikebuorren, oansletten by de stichting 'Laagvliegroutes Nee'.

Foto: Omrop Fryslân

De ChristenUnie giet der fanút dat it sittende kabinet gjin beslút mear nimt oer de takomst fan de nije lofthaven. Neffens de partij hat dat gjin doel mear, om't der troch de coronakrisis folle minder flein wurdt op Schiphol. Dus binne der ek gjin flechten dy't oernommen wurde moatte.

Neffens Rob de Wind is it in goede saak dat de iepening útsteld wurdt. "Er is geen enkele prioriteit om het vliegveld nu te openen", sa seit er.

"Feit is dat er door de coronacrisis een enorme vertraging in de opening is gekomen. De eigenaar van Lelystad Airport heeft gezegd dat het nog wel vijf jaar duurt voordat Schiphol weer op het normale niveau zit. De luchtvaart staat nog steeds helemaal stil."

"Needsaak iepening bliuwt"

VVD-steatelid Durk Pool sjocht dat lykwols oars. Hy tinkt dat Lelystad Airport dochs noch ynkoarten iepengean sil. "It is seker net de ein fan it fleanfjild", neffens Pool. "De kommende tiid sille der wer mear fleantugen komme mei minder minsken deryn. En by Amsterdam wolle se graach de oerlêst fan de fleantugen ferminderje. Dêrom soe it just no goed wêze om ferskate flechten nei Lelystêd te ferpleatsen. De needsaak om te iepenjen bliuwt!"

Rob de Wind en Durk Pool

(Advertinsje)
(Advertinsje)