Hallumer dy't eigen hûs yn de brân stuts: tbs mei twangferpleging

10 jun 2020 - 14:35

In ynwenner fan 55 jier fan Hallum dy't op 11 desimber ferline jier syn eigen hûs yn de brân stutsen hat, is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta tbs mei twangferpleging. Neffens de rjochter hat de man sókke slimme psychiatryske problemen, dat it ynsidint him net oan te rekkenjen wie.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Hallumer hat in persoanlikheids- en in bipolêre steurnis. Neffens saakkundigen is de kâns grut dat it wer misgiet, as hy net behannele wurdt.

De wente fan de Hallumer brânde hielendal út. Ek it hûs dernjonken rûn skea op. It wie dreech om it fjoer út te krijen, ûnder oare omdat it hûs fan de Hallumer fol lei mei 60 kilo papier.

Trefwurden: 
brân rjochtbank Hallum TBS
(advertinsje)
(advertinsje)