Reedriders kinne fan ein july ôf dochs teplak op simmeriis yn Thialf

10 jun 2020 - 14:00

Der komt de kommende moannen dochs simmeriis yn Thialf te lizzen. Reedrydbûn KNSB, Topsport Noord en Thialf binne derút kaam. Shorttrackers kinne fan 13 july ôf los op 'e iisbaan op it middenterrein en de langebaanriders kinne fan 27 july ôf gebrûk meitsje fan de 400-meterbaan.

Alle partijen hawwe drege oerlizzen fierd de lêste wiken. Dy kamen ûnder in fergrutglês te lizzen nei de oprop fan Sven Kramer twa wiken lyn. Kramer sei it 'in minne saak' te finen dat de Nederlânske reedriders foar simmeriis útwike moasten nei it Súd-Dútske Inzell. Wylst der ferline jier yn juny al simmeriis lei yn Thialf, wie dêr no gjin sprake fan. Neffens Kramer kinne de riders it harren net permittearje om gjin simmeriis te hawwen, om't se dan in efterstân oprinne op de konkurrinsje yn it bûtenlân.

Mear jild

Uteinlik binne de belutsenen der dochs útkaam. Thialf krijt mear jild foar de ferhier fan it iis. "Het is duidelijk dat we sporttechnisch en financieel concessies hebben moeten doen", fertelt Remy de Wit, technysk direkteur fan de KNSB. "Maar iedereen weet dat Thialf in zwaar weer verkeert. We hebben onze uiterste best gedaan om te komen tot een situatie waarin onze topsporters zich zo goed mogelijk kunnen voorbereiden op het nieuwe seizoen. Dit was het maximaal haalbare."

Dêrnjonken bliuwt de KNSB ek mei Thialf en de oandielhâlders, de provinsje en de gemeente Hearrenfean, yn petear oer de takomst. Direkteur Marc Winters fan Thialf hopet strukturele ôfspraken meitsje te kinnen oer simmeriis foar de kommende jierren. "Dan hoeven we dit circus niet elk jaar te doen, want dat kost tijd en energie."

Net foar rekreanten

It iis is net tagonklik foar rekreanten. "Het is topsportiis en ik denk dat de sporters door de coronamaatregelen meer uren nodig hebben omdat ze niet allemaal tegelijk kunnen trainen, dus het ijs is alleen voor de topsporters en niet voor de recreanten."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Andor Faber oer Thialf, direkteur Marc Winters en Remy de Wit fan de KNSB

(advertinsje)
(advertinsje)