Fertochte stekpartij Mûnein langer fêst
De fertochte yn de saak fan de stekpartij yn Mûnein bliuwt fjirtjin dagen langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris woansdei bepaald.
De 27-jierrige man út Mûnein wurdt derfan fertochte dat er in 43-jierrige man út Almere deastutsen hat. By de stekpartij rekke ek in 38-jierrige man út Tytsjerksteradiel slim ferwûne.