Kolleezje Hearrenfean komt mei stipepakket yn ferbân mei corona
Boargemaster en wethâlders fan de gemeente Hearrenfean wolle ynwenners en ûndernimmers dy't troffen binne troch de coronakrisis, helpe. Dêrfoar hawwe se in stipepakket mei in fjouwertal foarstellen gearstald. Dat wurdt foarlein oan de gemeenteried.
Sa hoege ûndernimmers yn it sintrum dit jier gjin reklamebelesting te beteljen, as it oan B en W leit, en sil der ek gjin terrasbelesting heft wurde.
Fierders wolle B en W dat de opbringst fan de toeristebelesting fan ferline jier brûkt wurdt om mear toeristen en rekreanten yn de gemeente te krijen. En de doarpen Akkrum en Jobbegea en it bûtengebiet hawwe in bedrach fan 45.000 euro te ferdielen foar nije ideeën yn dit jier en takom jier om it libjen yn it doarp of it gebiet oantrekliker te meitsjen.
De gemeente sil de hân oer it hert strike as ûndernimmers rekkens net betelje kinne binnen de normale termyn. Dat wurdt fan gefal ta gefal besjoen, mar der moat dan wol útstel fan betelling oanfrege wurde.
It stipepakket mei de foarstellen wurdt foarlein oan de gemeenteried. Dy sil him yn septimber bûge oer de foarstellen.