Advokaat Van der Goot: "Demokratysk proses yn gefaar mei coronaspoedwet"

10 jun 2020 - 13:14

Der is in soad krityk op de nije spoedwet dêr't de coronamaatregels yn fêstlein wurde. De wet moat de needferoardening dy't no jildt, ferfange, Yn de wet dy't al op 1 july fan krêft wurde moat, stean saken lykas groepsferbodden en oare 1,5 meter-maatregels.

Wat der no leit is in foarstel, mar as de wet trochgiet, wurdt it parlemint op dy wize bûtenspul set, seit advokaat Tjalling van der Goot. Der leit in soad macht by de minister: "De minister bepaalt wat der yn de wet komt. Dat is net winsklik, want dan komt it demokratyske proses yn gefaar. De wet makket ynbrek op de grûnrjochten en de fraach is oft sa'n wet dat dwaan kin."

Van der Goot fynt it wichtich dat der goed neitocht wurde moat oer de wet en dat dêr ek tiid foar is. "Oer de needferoardening is al in soad dikusje. Ik begryp him op bepaalde punten net en rjochters en offisieren fan justysje bytiden ek net. En sy binne dejingen dy't alle dagen mei it rjocht dwaande binne."

Tjalling van der Goot - Foto: Omrop Fryslân

Tjalling van der Goot

As jo yn jo eigen hûs te ticht byinoar sitte, kin der in boete folgje. Mar in hûs is privee en dat is in grûnrjocht.

Tjalling van der Goot, advokaat

Dat der regels komme moatte yn akute gefallen begrypt Van der Goot. Mar as de needsituaasje net mear oan de oarder is en de feroardering ta in wet wurdt, der hat Van der Goot wol problemen mei. It is dreech om in goede wet te meitsjen. Dat kostet tiid. De datum fan 1 july komt wat Van der Goot oanbelanget fierste betiid. "It giet te hurd en it docht ynbrek op de gûnrjochten. In soad wurdt aansen bepaald troch de minister. Sa sit ús demokrasy net yninoar. Dy situaasje wol ik net en ik fyn it ek net ferstannich."

As minsken harren net oan de regels hâlde, en se krije in strafbeskikking dan kinne se dêrtsjin yn ferset gean. Dat advisearret Van der Goot ek." Jo kinne in boete krije as jo thús, dus yn jo eigen hûs, te ticht byinoar sitte. Mar in hûs is privee en dat is in grûnrjocht."

Rieks Osinga, bestjoerskundige Thorbecke Akademy

De nije spoedwet sil it nije normaal bepale, seit bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Akademy. De lokale polityk kin as der gjin goede maatregels naam wurde op pleatslik nivo, oerruled wurde troch de Veiligheidsregio of de oerheid.

(advertinsje)
(advertinsje)