Fiif meiwurkers sikehûs MCL besmet mei coronafirus

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert binne fiif meiwurkers besmet rekke mei it coronafirus. Dat hat it sikehûs woansdeitemiddei bekend makke. It giet om meiwurkers fan de sjirurgyske ferpleechôfdieling.
Fiif meiwurkers sikehûs MCL besmet mei coronafirus
De fiif besmette persoanen sitte op dit stuit thús yn karantêne. Ut foarsoarch binne alle pasjinten en kollega's fan de besmette ferplegers testen. Ek wurdt kontaktûndersyk dien.
Neffens wurdfierder Frits Mostert is noch net dúdlik hoe't it kin dat de meiwurkers besmet rekke binne. "Er vindt momenteel een uitgebreid contactonderzoek plaats", fertelt Mostert. "De uitslag daarvan is nog niet bekend."

Gjin besite mooglik

Troch de útbraak is der op dit stuit gjin besite mooglik op de sjirurgyske ferpleechôfdieling. Operaasjes wêrby't minsken op dizze ôfdieling komme soene, binne foarearst ôfsein. Dizze pasjinten hawwe allegearre persoanlik berjocht hân.
"Dat is uiteraard heel vervelend nieuws", neffens Mostert. "Voor de medewerkers en de patiënten op die afdeling. Op andere verpleegafdelingen is nog wel beperkt bezoek mogelijk, maar op deze afdeling nu niet meer."
Wurdfierder Frits Mostert fan it MCL
"Ik hearde der net fan op," seit Margreet de Graaf fan de GGD doe't se hearde oer de besmettingen. "Dat heart wat raar, mar it is te ferwachtsjen. It jout mar wer oan dat it firus net fuort is. We moatte wol foarsichtich bliuwe en ús oan regels hâlde. Kinst derop wachtsje dat it wer ergens opdûkt."
De útslach is noch net bekend, dat is oan it sikehûs sels om te dwaan.
Neffens De Graaf is it net feiliger of ûnfeiliger om nei it sikehûs te gean as foar de coronatiid.
Margreet de Graaf fan de GGD