Kattepensjon yn Jobbegea hat net folle oanmeldingen: "In april waren we dicht"

It kattepensjon yn Jobbegea fernimt ek de gefolgen fan de coronakrisis. Minsken gean minder op fakânsje en bringe harren kat dan ek net del by it kattepensjon. Normaalwei soene yn dizze tiid fan it jier sa'n fjirtich katten yn it pensjon sitte, mar no binne dat sa'n sân katten.
Kattepensjon
It tal oanmeldingen foar it tydlik pleatsen fan in kat yn dizze coronatiden falt ôf. "De maand april bijvoorbeeld, waren we echt dicht. Nul katten, helemaal niks", fertelt Bauke Kramer, eigener fan it kattepensjon yn Jobbegea.

Wer op fakânsje

Kramer is bliid dat de minsken aansten wer wat op fakânsje kinne. "Als we kijken naar de boekingen die nu binnenkomen voor de zomer, dan zien we duidelijk dat mensen zin hebben weer op vakantie te gaan. In die zin zijn wij toch een thermometer van de hele reisbranche. Alle dagen komen nu boekingen binnen. Momenteel staat de teller op 70 katten, met een capaciteit van 120 katten is dat nog niet om naar huis te schrijven."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar seach by it kattepensjon
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It pensjon bestiet 25 jier, mar in feestje fiere is dit jier net mooglik fanwege de coronakrisis. Der binne ek net sa'n soad kattepensjons dy't spesjalisearre binne. De klantekring fan dit pensjon komt eins út it hiele noarden fan ús lân. "Als mensen eenmaal de loop naar ons ontdekt hebben, zien we ze terugkomen. Dan is men kennelijk toch tevreden."

Kattefoer

Soargen oer it kattefoer dat no oerbliuwt, makket Kramer him net. "Dat is op zichzelf goed houdbaar. Dat komt niet op een paar maanden aan dat dat meteen bederft. Het zit in blik en pakken, dus dat is geen groot probleem."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar praat mei eigener Bauke Kramer
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar