Jerrycans fûn yn Lindefallei, mooglik drugsôffal

10 jun 2020 - 11:07

In part fan natuergebiet de Lindefallei by De Blesse is woansdeitemoarn ôfsletten fanwege de fynst fan tsientallen jerrycans. Dy wiene achterlitten op in parkearplak oan de Domeinenwei.

Foto: René Wiegmink, ProNews

It is ûnbekend wat de ynhâld fan de jerrycans is. De plysje hat it fermoeden dat yn de grutte plestik flessen ferskate floeistoffen sitte. De brânwacht ûndersiket op it plak dêr't de jerrycans fûn binne, wat deryn sit. Mooglik giet it om ôffal fan it meitsjen fan drugs. De hiele Domeinenwei fan de Stienwilkerwei ôf is ôfsletten.

Trefwurden: 
drugs Lindefallei jerrycans
(advertinsje)
(advertinsje)