Kollum: "Net eamelje"

"De provinsje Fryslân hat, om't se net iens klear krije koene dat it in nasjonaal stânpunt waard, in brief stjoerd oan Portugal. Dat moat dêr gjin fleanfjild delsette, want dan reitsje miskien wat fan ús skrieskes fan 'e lis. Mei it skriuwen fan dy brief en de publisiteit dêromhinne rûn it wetter by my oer de râne fan 'e tobbe. In brede grutte tobbe, want ik kin in soad ha, mar dit wie echt tefolle.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
De Fryske boeren fermoardzje jierliks sa'n 5.000 jonge skriezen, om't se goedkeape molke yn de winkel ha wolle. De provinsje Fryslân, dy't dat boerebelied stipet, fermoardet dêrnjonken noch sa'n 5.000 skriezen, om't se de stienmurd, foks, greidekatten, rotten en mûzebiters hilliger fine as harren nasjonale fûgel, de skries. Wy meie net op dat ûnrant sjitte. Wy moat oantoane dat it der is en dêrnei wurdt der noch jierren oer eamele. Dêr haw ik, net allinnich by de skriezen, fierhinne myn nocht fan. Hâld op mei eameljen.
We hearre de lêste wiken oars neat as geëamel oer ûnbenullichheden. Smyt dat no ris oan de kant, en meitsje ien grut goed ferhaal oer de takomst fan Fryslân. Net dat sneue gedoch wat jimme altyd dogge mei fyzjes en lytse dielplantsjes oer dit en dat. Ien ferhaal wat mei-elkoar te krijen hat, sûnder geëamel. Us takomst.
Moarn wurdt dus it wetterskip opdoekt. Wetter falt tenei ûnder provinsjale wettersteat, en dat bestjoere wy demokratysk. LTO-bestjoerster Trienke Elshof seit dêrtsjinoer dat it wetterskip demokratysk is en wol dêrom dat de boarge sitten bestean bliuwe. Fansels wol se dat, sa hâlde de boeren it wetterskip yn hannen. Mar se ha no sûnt 1255 sjen litten dat se dat net kinne, opsoademiterje.
Trije nije akwadukten foar de brêgen yn it Prinses Margrietkanaal. Net mear eamelje dat it kanaal fan it ryk is, hup oan de gong. Moarn. It is dochs te idioat dat in oerdwealske Dútser dy't troch read hinne fart, derfoar soarget dat Spannenburg in hiele middei iepenstean bliuwt en ús ambulânses omride moatte.
We hâlde op mei it Frysk. We binne sûnt Kneppelfreed al oan it prutsen. Altyd dat geëamel dat de minister soargje moat dat wy Frysk prate. Ophâlde. We behannelje it Stellingwerfsk dochs presys gelyk sa't it Frysk troch Den Haag behannele wurdt. En al dy groepkes. Sis Tsiis wol no de pakes en beppes al freegje oft it Frysk ûnderwiis wol goed jûn wurdt. Hâld op. Smyt it Frysk mar yn de skytpot. De ûnbidige bakken jild dy't we deryn stekke, kinne we better earne oars foar brûke.
Wis, we krije in skeintsje foar ús kultuer yn ferhâlding ta wat Amsterdam kriget. Prima. Net seure. We rêde ússels wol. Ik garandearje dat der in kultuerplan te meitsjen is foar ússels wat folle minder kostet as no. Want we eamelje der net mear oer.
Lutz Jacobi hat it foarbyld al jûn. Se stapte út it waadoerlis, strontsiik fan it geëamel. Fryslân sprekt moarn út dat we alles oer it Waad freegje oan de Waadferiening en dat is dan daliks it provinsjaal stânpunt. Simpel. Besparret wer fiif jier geëamel.
De provinsje eamele ferline wike dat se sinnefjild oant sinnefjild beprate sille en dan dêrnei eamelje oer wol of net de oanlis fan sinnefjilden yn Fryslân. Freeslik. Hâld dêrmei op. Der binne hjir tûzenen lisboksen wêrop't dy dingen pleatst wurde kinne. Aanst like populêr as ûlebuorden.
En se moatte op Thialf fansels. Dat leit no op de knibbels foar NOC en KNSB. Ferdikke, gean stean. Wy knibbelje inkeld foar God. Der binne wol tûzen boufakkers dy't altyd mei nocht op Thialf reedride. As dy no allegearre daliks dêr trije sneonen beune is alles klear, ynklusyf nije sinnepanielen. Dêrnei mei inkeld ús jonges en famkes dêr noch traine, de oaren moatte mar nei Enschede of sa.
Sa komme je de hiele dei berjochten tsjin oer saken dêr't inkeld mar oer eamele wurdt. Oer elke skeet wurdt eamele. Fan 'e wike eamele de Ljouwerter dat der te min minsken eamele ha soenen oer in kloaterich fytspaadsje yn Dokkum. Hâld op. It kostet allegearre in knoarre jild en tiid. Der binne fierstente folle ynstânsjes mei itselde doel oprjochte. En der eamelje fierstente folle lju mei, dy't inkeld mar ferstân ha fan eameljen. Dy dogge it, krekt as ik, sels al foar de kofje."