Wittenskippers Fryske taal: As we ús fakgebiet rêde wolle, moat der no aksje komme

De kennisynfrastruktuer fan de Fryske taal is nuodlik. It tal ûndersyksplakken en -ynstellingen dêr't de Fryske taal- en letterkunde yn Nederlân bestudearre wurde kin, nimt hieltyd fierder ôf. Foar jonge ûndersikers is de oantreklikens fan in baan yn de frisistyk dan ek sterk fermindere. En just sy moatte it fak rêde, seit heechlearaar Goffe Jensma.
Grutte belangstelling foar it deikongres oer de Frisistyk by Fryske Akademy (argyffoto 2019) © Omrop Fryslân
Op in sympoasium oer de takomst fan de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal- en letterkunde, de frisistyk, waard foarich jier noch mar ris dúdlik hoe grut de soargen binne. In jier letter binne dy soargen bondele mei stikken fan ferskate wittenskippers. Mar op syn minst sa belangryk: se komme ek mei mooglike oplossingen.
Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de universiteit fan Grins, is al in jier dwaande mei de ûntwikkeling fan in digitale wize om Frysk te learen. "Dêr bin ik al hiel fier mei." It moat it makliker meitsje om Frysk te learen as je net yn Fryslân of Grinslân wenje.
In pear jier lyn koene minsken oer de hiele wrâld meidwaan oan in kursus Frysk fan fjouwer wiken. De animo wie grut: 13.000 minsken fan oer de hiele wrâld diene mei. Dat jout hoop.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dy hoop is tige wolkom, want op de universiteiten is de rol fan it Frysk de lêste desennia hurd lytser wurden. Dat bliek wol op it sympoasium fan ferline jier. "Fyftich jier lyn wiene op sa'n sympoasium de heechleararen fan Leiden, Utrecht, de Vrije Universiteit, de Universiteit van Amsterdam en dy fan Grins", seit professor emearitus Rolf Bremmer, dy't earder bysûnder heechlearaar Frysk wie oan de universiteit fan Leiden. "Wat is dêr no fan oerbleaun? Yn Amsterdam allinnich noch yn dieltiid en yn Grins is it no ûnderdiel fan de stúdzje Minderheden en Meartalichheid."
Der binne mear bedrigingen foar de frisistyk. De Fryske Akademy sit yn finansjeel swier waar. It hat alle jierren te krijen mei tonnen ferlies, der binne te min wittenskippers en ek de kwaliteit fan de ûndersiken is ûnder de maat. De provinsje jout de kommende jierren jild, mar dan moat de akademy wol reorganisearje.
Minister Slob wol de tolve provinsjale histoaryske sintra, wêrûnder Tresoar, by de oerheid weihelje en ûnderbringe by de provinsje of gemeente. Op dy plannen is in soad krityk, want it kin de opmjitte wêze nei fierdere efterútgong fan it ynstitút.
Dat lêste is it gefal sûnt 2013. Studinten kinne net mear Frysk as aparte oplieding folgje, mar wol as ûnderdiel fan dy stúdzje oer minderheden en meartalichheid. Dat is ûntstien út need, mar it hat in goede set west, neffens Jensma.

Hast net mear as byfak: grut probleem

It Frysk oan de universiteit fan Grins wie benammen populêr as minorfak: studinten diene it njonken in oare stúdzje. Dat is no in stik dreger, omdat de universiteit dat systeem werstrukturearre hat. "Dat is foar ús in grut probleem", seit Jensma. It helpt net mei dat it Frysk in lytse stúdzje is.
De universiteit is in produksjebedriuw wurden, dat jild opsmite moat. Ast sa yn rendemint tinkst, dan ferdwynt der hiel wat.
Rolf Bremmer
It probleem beheint him trouwens net ta it Frysk, seit Bremmer. "It Nederlânsk sit ek yn de nederklits. Sjoch nei de Vrije Universiteit, dêr ha se foarich jier besletten om de stúdzje Nederlânsk ôf te skaffen. Doe waarden minsken ek in bytsje wekker. Mar de universiteit is in produksjebedriuw wurden, dy't jild opsmite moat. Ast sa yn rendemint tinkst, dan ferdwynt der hiel wat."

Lêzingen bondele

Jensma is ien fan de meiwurkers oan de bondel De takomst fan de frisistyk. Tradysje en fernijing. Yn dy bondel steane lêzingen út de goedbesochte gearkomste fan ferline jier, dy't organisearre waard troch de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins (SFFYRUG), yn 'e mande mei de Fryske Akademy.
Wat Jensma oanbelanget, leit de takomst fan de frisistyk by de jongerein. Jensma kin oer in pear jier mei pensjoen. Neffens him binne der yn it fjild genôch entûsjaste minsken dy't de frisistyk helpe kinne. "Gerbrich de Jong, Henk Wolf, Anne Popkema. Dy binne allegear wat desennia jonger as my, dus takomst is der wol."

Wêrom't frisistyk wichtich is

Wêrom't it wichtich is dat de Fryske taal op heech nivo bestudearre wurdt, leit Bremmer út: "Oars ferlieze je in djipgeande kennis fan je eigen taal en kultuer. Jo binne wat jo prate. As je net goed ynsjoch ha yn wat je prate, wat de minsken yn de taal skreaun ha, dan ferdwynt de taal. Dan krije je monokultuer, wylst we soargje moatte foar kulturele diversiteit."
Goffe Jensma