Provinsje Fryslân wol advertinsjeromte ynkeapje as stipe oan lokale media

10 jun 2020 - 06:52

De provinsje Fryslân wol lokale media yn Fryslân stypje troch op koarte termyn foar 100.000 euro oan advertinsjeromte yn te keapjen. In soad hûs-oan-hûsblêden en pleatslike nijswebsiden hawwe it swier, om't de omset út advertinsjes de ôfrûne moannen bot weromrûn is fanwegen de coronakrisis.

Kranten - Foto: Shutterstock.com

Neffens deputearre Sietske Poepjes binne de pleatslike media wichtich foar de ynformaasjefoarsjenning. De provinsje is mei it plan kaam om dy media te stypjen. "Wy wolle graach advertinsjeromte ynkeapje en dy ek foarút betelje. Wy freegje oan de blêden oft wy siden fan de krante brûke meie. Dan krije sy dêr jild foar en dat betelje wy fuortendaliks. Dan bliuwt de cashflow ek trochgean. Dat is wol in probleem, sa docht bliken."

It is net sa dat de provinsje fierder neat mei de advertinsjeromte kin. "Wy hawwe as provinsje ek in soad te fertellen oer wat wy dogge", seit Poepjes. "Oer kultuer, enerzjytransysje of rekreaasje en toerisme. Ynwenners hawwe der wol ferlet fan om dêr wat mear oer te witten. Dat kin no op dizze siden."

Tydlike maatregel

It kolleezje wol yn earste ynstânsje in ton beskikber stelle. It is in tydlike maatregel, dy't út need weikomt. "It is echt bedoeld om de lokale media, dêr't minsken harren echt belutsen by fiele, te stypjen. It nijs dat stiif om jo hinne stiet, moat ek noch by jo komme kinne."

Deputearre Poepjes moat earst noch grien ljocht krije fan Provinsjale Steaten. It kolleezje hopet oan it begjin fan de simmer de maatregel trochfiere te kinnen.

Deputearre Sietske Poepjes oer de lokale media

(advertinsje)
(advertinsje)