Wenning yn Harns rint skea op nei brân

10 jun 2020 - 06:29

In hûs oan de Prins Clausstrjitte yn Harns hat tiisdeitenacht skea oprûn troch in brân. Dy wie op de ûnderste ferdjipping fan it hûs. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.

Foto: CAMJO Media

De brânwacht hie it fjoer reedlik gau ûnder kontrôle. Ut foarsoarch waarden wol de neistlizzende huzen ûntromme. By de brân is nimmen ferwûne rekke. De stichting Salvage sil de bewenner helpe by de ôfwikkeling fan de skea.

Trefwurden: 
Harns brân wenning
(advertinsje)
(advertinsje)