Dongferwurker Wâlterswâld krijt 45.000 euro boete om deadlik ûngelok

09 jun 2020 - 22:07

It bedriuw Mestverwerking Fryslân út Wâlterswâld moat in boete fan 45.000 euro betelje foar in bedriuwsûngemak yn 2016, wêrby't in meiwurker fan 39 jier út Woudrichem (Noard-Brabân) om it libben kaam. Dat hat it hôf oardiele. Twa jier lyn waard it bedriuw noch frijsprutsen yn de rjochtbank fan Zwolle.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

It slachtoffer waard op 28 septimber 2016 nei alle gedachten oanriden troch in kollega op de shovel en stoar op it plak fan it ûngelok. It gerjochtshôf seit dat de feilichheidsfoarskriften fan it bedriuw net goed genôch binne.

Gjin goed sicht

De bestjoerder fan de shovel sei dat er troch de laadbak, pylders yn de hal en in oare shovel net alles sjoen koe. It hôf seit dat it bedriuw maatregels nimme moatten hie om de risiko's fuort te nimmen, troch bygelyks kamera's, spegels of deteksjesystemen.

Yn maaie 2018 sei de rjochtbank fan Zwolle dat it bedriuw goed genôch neitocht hie oer de feilichheidsrisiko's. Sa hiene se meiwurkers ferteld oer de risiko's en waarden der mûnlinge ôfspraken makke. It hôf tinkt dêr oars oer: "Mondelinge afspraken zijn slechts effectief wanneer en voor zover werknemers zich daar in alle omstandigheden aan houden. Een moment van onachtzaamheid of nonchalance kan verstrekkende gevolgen hebben."

Feilichheidsfoarskriften net goed neilibbe

"Er waren meerdere realistische en adequate maatregelen nodig", seit it hôf. Yn strafrjochtlike sin is de wurkjouwer net skuldich, mar it bedriuw hat him wol skuldich makke oan it net neilibjen fan de feilichheidsfoarskriften en "het onvoldoende garanderen van een veilige werkomgeving".

Njonken de boete fan 45.000 euro moat Mestverwerking Fryslân ek 30.000 euro ûnder betingst betelje. De boete is lyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)