Omwenners Twibaksmerk Ljouwert benaud foar studinten: "Soargen oer de balâns"

Omwenners fan de Twibaksmerk yn Ljouwert meitsje har soargen oer mooglike oerlêst fan studinten, no't der plannen binne foar 180 studinte-apparteminten yn it KPN-gebou oan de Twibaksmerk 23. De gemeente hat de bewenners dêroer ynformearre mei in flyer.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Njonken de 180 studio's foar studinten soene der ek 70 hotelkeamers by komme foar Post Plaza. Yn in iepenbiere brief oan de gemeenteried sizze de bewenners dat se net bliid binne mei de plannen.

Gemeente seit al jierren wat ta

Yvonne Kingma wennet yn de buert efter it KPN-gebou en is der dus net gerêst op. "We meitsje ús soargen oer de balâns yn de buert", seit Kingma. "Studinten binne fan herte wolkom, se hearre by de binnenstêd, wy ha sels ek studint west. Mar de balâns rekket kwyt. Sjochst no in taname fan sosjale wenningbou en studinten. En de gemeente seit ús al jierren in ympuls ta, mar dy bliuwt no fuort."
Oant no ta is it by de bou fan in parkeargaraazje en it nije provinsjehûs bleaun, wylst der folle mear barre soe, seit Kingma.
En dus komme se no yn aksje. "Yn de flyer fan de gemeente stie dat we gau reagearje moasten. De bou moat takom jier al begjinne, dus ik freegje my ek ôf hoe definityf oft de plannen al binne? Op it stuit wit ik net oft we der noch wat oan dwaan kinne. Yn alle gefallen wolle we de gemeente oproppe om in positive ympuls te jaan oan de wyk."

Mear oerlêst

Der is no ek sa no en dan oerlêst fan oare bewenners, fan dropte bankstellen oant it dealen fan drugs. Mei de komst fan de studinten ferwachtsje der ferûntrêste bewenners noch mear oerlêst yn dit diel fan de Ljouwerter binnenstêd. Der stiet al in petear mei wethâlder Hein de Haan op de aginda. "We ha dêr wol fertrouwen yn. We ha hoop op in goed petear en dat de wethâlder goed nei ús harket."
Yvonne Kingma en Vincent van Sijes meitsje har soargen