Iepenbier Ministearje easket acht moanne sel tsjin 'masteroplichter'

09 jun 2020 - 20:58

'Masteroplichter' Johan S. hat opnij acht moanne sel tsjin him easke krigen. De man sûnder fêst wenplak soe ein foarich jier twa froulju oplichte ha, ien fan de twa slachtoffers komt út de gemeente Waadhoeke, de oar út Hoogezand.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De fertochte benadere de froulju op datingsite Badoo. Al gau nei't er syn slachtoffers moete, sei er dat er trouwe woe. Dêrby sei er fan alles ta en hy regele ek de brulloften mei alles derop en deroan: Tesla's en Lamborghini's as trouauto's, optredens fan ferneamde Nederlanners, in djoere fjoerwurksjo én in fleanfakânsje.

Gouden bulten tasein

It jild wie gjin probleem: S. makke syn slachtoffers wiis dat er in goede baan by justysje hie en dat er krekt in erfenis fan trije ton krigen hie. Doe't er yn Hoogezand tsjin de lampe rûn, gong er nei Fryslân ta. Dêr die er presys itselde. De trouamtner twivele lykwols oan syn ferhaal, want se hie inselde soart ferhaal al op Facebook lêzen by kollega's.

Neffens it Iepenbier Ministearje moat S. behannele wurde. Saakkundigen sjogge dat net sitten, omdat er dochs net meiwurkje wol. Flak foardat er yn novimber syn earste slachtoffer makke, hie er al in straf útsitten.

De slachtoffers binne troch de oplichter wantrouwich wurden. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)