Húskegebouwen meie takom wike wer iepen: "Zo kunnen we toch spreiden"

09 jun 2020 - 18:24

De sanitêrgebouwen op campings yn Nederlân meie kommende moandei wer iepen. Earst soe de weriepening pas op 1 july wêze. "We zijn hier zó blij mee", seit Karin Veldhuizen, dy't in camping yn Heech hat. "Het is ook ontzettend praktisch."

Foto: ANP

It is om twa redenen praktysk, seit Veldhuizen. "Half juni is het nog niet zo druk als op 1 juli. Zo kunnen we alle nieuwe protocollen alvast testen onder een kleinere groep met lagere bezetting. Dan zit er wat minder druk op." En as twadde: "Zo kunnen we toch nog wat meepakken van deze maand. Juni is heel belangrijk voor gasten die niet afhankelijk zijn van de schoolvakanties. Op deze manier kunnen we iets doen aan vakantiespreiding."

Op 15 juny binne ek de toeristen út de measte Europeeske lannen wer wolkom yn Nederlân. Brânsj-organisaasje HISWA-RECRON begrypt net wêrom't de campings de húskes net earder iepen dwaan meie. "Als het op 15 juni kan, waarom dan niet nu?", freget direkteur Geert Dijks him ôf. "Het aankomende weekend wordt het mooi weer en dat loopt de sector dan mis."

De organisaasje tinkt dat kampearbedriuwen sûnt de lockdown al 140 miljoen euro kwyt binne.

Karin Veldhuizen

(advertinsje)
(advertinsje)