Direkteur fersoargingshûs Ferwert kin him net fine yn krityk

By fersoargingshûs Foswert yn Ferwert soene de coronamaatregels te strang neilibbe wurde. Dat skreau Berber Bijma ôfrûne wike yn in brânbrief oan ferskate belutsen partijen. Bijma har heit sit yn Foswert. Sy seit dat der net praat is mei in delegaasje fan de bewenners om te sjen nei de besikersregeling dy't op 3 juny yngien is. Boppedat soe de kliïnteried opstapt wêze út ûnfrede oer de regeling.
Wensoarchsintrum Foswert © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Jan Douwe de Jong, direkteur-bestjoerder fan Foswert, kin him net fine yn de krityk fan Bijma. "De brief fan frou Bijma is ûndertekene troch 57 minsken, mar it giet hjir om famylje fan 14 kliïnten. It grutste part fan de 90 kliïnten is tefreden mei it belied. Wy kinne gjin belied meitsje op yndividuele gefallen, hoe spitich oft dat somtiden ek is. Ik hawwe de ferantwurdlikheid foar mear as 90 kliïnten yn Foswert, it is my om harren feiligens te dwaan."

Kwetsbere groep

It giet yn Foswert om minsken út de meast kwetsbere groep. Dat betsjut neffens De Jong maksimale soarchfâldichheid. "Dat is in ferantwurdlikheid dy't wy hawwe, gjin kar." Sûnt de corona-útbraak yn Nederlân, binne yn Foswert noch gjin gefallen fan it firus konstatearre. "Dêr bin ik fansels hiel bliid mei. Ik wol net sizze dat dat komt troch ús maatregels, mar it is wol in feit: wy hawwe oant no ta corona bûten de doar hâlde kinnen. En dat wolle we graach sa hâlde. Dat frou Bijma fynt dat it allegearre wol wat minder kin, mei se fansels fine, en ik begryp dat ek wol, mar nochris: dêr kin ik gjin belied op meitsje."

Skrik

Yn de brânbrief makket Bijma melding fan it opstappen fan de kliïnteried fan Foswert. Dat soe bard wêze nei oanlieding fan de besikersregeling. Neffens De Jong leit dat wat oars. "De kliïnteried hat by my oanjûn gjin kontakt hân te hawwen mei frou Bijma. Se binne skrokken fan alle kommoasje en hiene it efterôf graach oars dien. Dat hawwe se ek tsjin my sein."
Berber Bijma skreaun in brânbrief © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De Jong wol de kommende tiid net te rap de regels loslitte. "Wy komme gelokkich yn in faze dat der stadichoan wat mear kin. Mar wy dogge noch foarsichtichoan foar kliïnten en meiwurkers. Want dy moatte it dwaan."
Jan Douwe de Jong