350 mearkeboeken yn de waadtalen al útferkocht

09 jun 2020 - 16:50

De 350 boeken mei de mearkes fan Grimm yn de talen fan de Waadeilannen binne al útferkocht. Yn de boeken steane 50 mearkes: it Aastersk, Midlânsk, West-Skylgersk, Skiermûntseachsk en Amelânsk ha allegear tsien. Dy earste trije wurde allegear op Skylge sprutsen.

Foto: twitter @vrouwHILLE

It boek is in inisjatyf fan Anne Popkema, saakkundige op it mêd fan Fryske taal. Hy hat tiisdei de bestelde boeken op It Amelân by del brocht. Der geane eksimplaren nei de skoallen, in warehûs en nei in groep oersetters.

Fan de 3.600 Amelanners is goed de helte de taal machtich, neffens saakkundige Jacob Roep. Under jongerein is dat in stik minder, mei dit inisjatyf is de hoop dat de taal wer wat op de kaart set wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)