Provinsje wol 5 miljoen ekstra útlûke as coronastipe foar ekonomy

09 jun 2020 - 16:18

De provinsje lûkt fiif miljoen euro ekstra út om bedriuwen en organisaasjes te stypjen dy't rekke wurde troch de coronakrisis. It jild is bedoeld as oanfolling op de maatregels fan it Ryk en dy't gemeenten en de provinsje sels al naam ha.

Foto: Pixabay

Provinsjale Steaten beslút der ein dizze moanne oer. Dêrnei komt it jild sa gau as mooglik los. "Sa kinne dizze maatregels noch yn it twadde en tredde fearnsjier fan 2020 útfierd wurde", seit deputearre De Rouwe.

Arbeidsmerk, ynnovaasje en fêstigingsklimaat

It jild giet yn grutte linen nei de stimulearring fan de arbeidsmerk (1,1 miljoen), stimulearring fan ynnovaasje (1,9 miljoen) en it fêstigingsklimaat (2 miljoen).

De provinsje nimt alve maatregels, lykas in oanfoljende regeling om de kultuer yn Fryslân te behâlden, in iepen fûns om projekten fan ûndernimmers te stypjen en in fêst bedrach foar bedriuwen foar it begelieden fan (ôfstudear)staazjes.

Ek foar spesifike doelgroepen

In tal maatregels is dêrneist foar in spesifike doelgroep, bygelyks foar de rekreaasje- en toerismesektor, foar de kultuersektor en foar doarpshuzen en sportferienings. Dy spesifike doelgroepen kinne ek gebrûk meitsje fan de brede regelingen.

Deputearre Sander de Rouwe oer it jild

11 ekstra coronamaatregels fan de provinsje Fryslân - Foto: Provinsje Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)