Boargemaster slút drugwenning op De Harkema

09 jun 2020 - 15:49

In wenning oan De Flearen yn De Harkema is tiisdeitemiddei troch boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen sletten omdat der drugs ferhannele wurdt. De wente is de kommende trije moannen ticht. De plysje fûn earder in soad harddrugs yn it hûs.

Foto: Kappers Media

De wenning is fersegele en der binne posters oanbrocht wêrop't stiet dat it hûs ticht moat. "De hannel yn harddrugs soarget foar ûnfeilige situaasjes yn ús gemeente. Mei dizze sluting litte wy sjen dat drugsoerlêst yn Achtkarspelen net tolerearre wurdt", seit boargemaster Oebele Brouwer.

Sûnt 2018 kinne boargemasters yn it noardeasten fan Fryslân earder gebouwen slute as dêr drugs ferhannele wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)