Opdrachtjouwers en bedriuwen slute betonakkoart foar Fryske bouprojekten

09 jun 2020 - 15:38

De produksje en it brûken fan beton foar Fryske bouprojekten wurdt tenei duorsumer oanpakt. Dêr hawwe opdrachtjouwers en bedriuwen ôfspraken oer makke.

Foto: Provinsje Fryslân

Der is ôfpraat om sunich om te gean mei enerzjy en grûnstoffen. En it doel is om safolle mooglik sirkulêr te wurkjen. Dat betsjut dat ôffal werbrûkt wurde kin.

By de ôfspraken binne santjin bedriuwen en opdrachtjouwers fan projekten belutsen. Dan giet it bygelyks om gemeenten en om beton- en boubedriuwen. De provinsje stipet it inisjatyf.

Trefwurden: 
duorsum beton
(advertinsje)
(advertinsje)