Provinsjes en gemeenten: transformatorstasjon kin it bêste by Eemshaven

De lokaasje Eemshaven hat de foarkar as plak foar in transformatorstasjon foar it takomstige wynpark op de Noardsee. Burgum wie ek yn byld foar it transformatorstasjon. Aksjegroep Noardermar hat him dêr fûl tsjin ferset.
© Omrop Fryslân
De provinsjes Fryslân en Grinslân, njoggen gemeenten út de beide provinsjes en twa wetterskippen sizze yn in foarriedich advys tsjin it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat dat Eemshaven it bêste plak is. Dy regio yn it noardeasten fan Grinslân moat dan wol kompensaasje krije foar de negative effekten fan de oansluting.

Ein dit jier definityf

Ein dit jier jouwe de partijen en definityf advys en dan nimt ek it ministearje in beslút.
It transformatorstasjon is nedich om de enerzjy dy't opwekt wurdt yn it nije wynpark mei in kabelferbining oer te bringen nei it fêstelân. It ministearje seach dêrfoar nij trije lokaasjes: Burgum, Eemshaven en Vierverlaten.
Ut in advysrapport, dat moandei iepenbier wurden is, kaam al nei foaren dat Burgum net it meast geskikte plak is. In transformatorstasjon dêr soe problemen opsmite foar it miljeu.

Burgumer aksjegroep bliid

Klaas de Haan fan aksjegroep Noardermar is optein dat der no nei de Eemshaven sjoen wurdt. "Wy fine it hiel min foar it toerisme as it stasjon hjir wol komme soe, yn it brûzend hert fan Fryslân Sa'n stasjon soarget foar in lege bromtoan, dy't lûdsoerlêst jout en boppedat de kwaliteit fan libjen nei ûnder hellet. Wy binne bliid dat deputearre Poepjes nei ús krityk harke hat."