Gemeenten stypje oprop brune float en stjoere brânbrief nei ministers

09 jun 2020 - 14:40

De gemeenten om de Iselmar en Markermar en oan de Waadsee freegje yn in brânbrief oan de ministers Wiebes en Van Engelshoven om stipe for de brune float. De brief is in inisjatyf fan de gemeente Harns.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De gemeenten slute har oan by de winsk fan de brune float foar in stipefûns. De skippen fan de charterfeart lizze stil troch de coronakrisis, omdat de measten fan har neat wurde kinne mei de oardelmetermaatregels. Sûnder stipe driigje de charterfeartskippen fallyt te gean.

'Fan grut belang'

Stêden oan de Iselmar en Markermar en de Waadsee ha fan âlds in sterke bân mei de brune float. Dy is fan grut belang foar it toerisme en de ynwenners, sizze de gemeenten. Dêrom slute se har oan by de oprop foar in needfûns.

Tiisdei dogge yn totaal 175 skippen mei oan in manifestaasje by it eilân Pampus, by Amsterdam. Dêr wolle se mear omtinken freegje foar de nuodlike situaasje.

De brune float makket libben by Pampus:

Histoaryske skippen út Harns meitsje libben mei skipstoeters

(Advertinsje)
(Advertinsje)