Korpsen meie wer los, wol sels flibebakje meinimme

In bakje om de eigen flibe yn op te fangen, blazers op twa meter ôfstân en de ruten en doarren iepen. As muzykferienings harren dêroan hâlde meie se wer los. It ministearje fan Ekonomyske Saken joech moandei grien ljocht. Yn in provinsje lykas Fryslân dêr't hafabra-muzyk in grutte rol spilet, is it net nuver dat dyselde jûn de earste repetysjes al wer begûnen.
Repetysje fan muzykkorps Concordia Aldeboarn © Omrop Fryslân
Ien de korpsleden dy't moandei al oan it blazen west hat, is Johan Meesters. Hy is foarsitter fan it OMF, de organisaasje foar muzykferienings yn Fryslân. Meesters is bliid dat it no wer los kin. Se hawwe goed trije moanne stillein fanwege de coronakrisis.

Flibebakje

De dielnimmers moatte de hannen desynfektearje en sels drinken meinimme. Mar de opfallendste maatregel is wol it flibebakje. Dat is needsaaklik omdat yn de blaasynstruminten kondins ûnstiet dy't him mingt mei flibe. Foardat it gefaar op coronabesmetting der wie, fagen de orkestleden it ôf mei in doekje of lieten se it op 'e flier drippe. No moat it yn in eigen bakje dat de korpsleden ek wer mei nei hûs nimme moatte.
Dat de korpen wer los meie, komt troch in ûndersyk. Yn Nederlân rûn in ûndersyk, mar in ferlykber ûndersyk yn Dútslân wie earder klear en doe binne de advizen en protokollen dêrfan oernaam, seit Meesters.

Yn twa groepen oefenje

By de organisaasje OMF binne sawat twahûndert muzykferienings oansletten. Yn in fanfare of harmony kinne wol fyftich man sitte en dan kin it dreech wurde om mei de needsaaklike tuskenromte allegearre yn de oefenromte te passen, seit Meesters. Yn guon gefallen betsjut dat yn twa groepen repetearje. Wat ek wol foarkomt, is dat muzykferieningen yn doarpshuzen of sporthallen oefenje en dy binne offisjeel noch net iepen. Dêrom moatte se yn oerlis mei it bestjoer fan it doarpshûs of mei de gemeente.
Johan Meesters, foarsitter fan it OMF

Yn de startblokken

Yn Weidum stiene se moandei ek yn de startblokken om te repetearjen. Doe't se hearden se dat it offisjeel mocht, giene se los by De Harmonie. "Freed waard it protokol bekend en juster of hjoed soe it offisjeel wurde. Doe hawwe we de gok naam, mar it mocht dus al", seit foarsitter Janneke de Boer. Sy spilet baritonsaksofoan by De Harmonie. Sûnt it begjin fan it coronaferbod repetearre it korps online. No koe it foar de earste kear wer yn it echt.

Yochert-ammerke

Neffens De Boer is de romte yn it doarpshûs fan Weidum grut genôch foar it korps om te repetearjen. Foar it ferplichte flibebakje hawwe de orkestleden kreative oplossingen betocht: fan in yochert-ammerke oant it jiske-amerpûde.
De Harmonie kin foarearst net fuort te spyljen. De eveneminten dêr't se oars altyd hinne gean, lykas doarpsfeesten, keatspartijen en it iepenloftspul fan Jorwert, gean net troch. Der stiet noch wol wat op it program foar mids oktober, mar foarsitter Janneke de Boer moat noch sjen oft dat wol trochgiet.
Janneke de Boer, De Hamonie Weidum