Natuerbehearders achter stikstofadvys: stevich yngripe foar belangen natuer

09 jun 2020 - 22:01

Natuerbehearders It Fryske Gea en Natuurmonuminten nimme it advys oer fan de kommisje-Remkes oer hoe't wy mei de stikstofproblemen omgean moatte. Sy roppe it kabinet op om dat ek te dwaan. Yn dat advys seit Remkes dat net alles op basis fan frijwilligens oplost wurde kin.

It moat ek mooglik wurde om boeren te ferplichtsjen op te hâlden mei harren bedriuw as dat ticht by in Natura 2000-gebiet leit dêr't de natuer tefolle lêst hat fan de stikstof dy't fan dat bedriuw ôfkomstich is. It Fryske Gea is it dêr mei iens, mar tinkt wol dat it om útsûnderingsgefallen gean sil.

Direkteur Henk de Vries fan It Fryske Gea: "Dat klinkt hiel ferfelend, mar úteinlik wolle je net tritich jier trochpiele om resultaat te heljen, wylst je dat ek yn in pear jier helje kinne. Dan moatte je wol goeie ôfspraken meitsje mei de boer dy't wike moat en it op in goeie wize regelje. Mar as je goed nei de belangen fan sa'n natuergebiet sjogge, dan moatte je miskien wolris wat stevich yngripe. Dat soe kinne, mar ik tink dat dat de útsûnderingsgefallen wêze kinne."

Bakkefeansterdunen en Alde Feanen

Eins spilet dit by alle natuergebieten yn it easten fan de provinsje, seit De Vries. Foarbylden binne de Bakkefeansterdunen en de Alde Feanen. It liket der ek op dat ien en oar ek foar in wichtich part oan de regio oerlitten wurdt.

De Vries sjocht dêryn wol kânsen om los fan wat der eintsjebeslút yn Den Haag besletten wurdt, dochs ta resultaten te kommen. "Ik sis it in bytsje op gefoel, mar wy hawwe hjir wat mear romte en wy hawwe hjir in hiel goed oerlis mei alle partijen mei natuer mei de mienskip as ynstrumint. Dus wy kinne regionaal al hiel wat stappen sette dy't de goede rjochting útgean. Dan kinne wy ek ris sjen hoefier't wy komme kinne mei it materiaal en de partijen dy't wy al ha."

Harkje hjir nei de reportaazje

It skieppeklokje (Klokjesgentiaan) op'e heide is gefoelich foar tefolle stikstof - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)