500 fûgels mear as normaal foar de Fûgelhelling en dat komt troch corona

09 jun 2020 - 22:13

It is drok by De Fûgelhelling yn Oerterp. By it fûgelopfangsintrum waarden yn de moanne maaie 500 fûgels mear brocht as yn maaie ferline jier. Neffens Raya Strikwerda fan De Fûgelhelling komt dat ûnder oare troch de coronakrisis. Minsken bringe mear tiid troch yn de natuer of yn de eigen tún en komme fûgels tsjin dy't neffens harren opfongen wurde moatte.

Neffens Strikwerda hienen dizze 500 fûgels net perfoarst akute help nedich. "Minsken binne faak te flot mei it bringen fan fûgeltsjes. Jonge protters of klysters dy springe wol faker út it nêst en dat is hiel normaal. Dan is net altyd nedich om dy bisten op te pakken en nei ús ta te bringen."

Bisten net oanreitsje

De Fûgelhelling krijt net allinnich in soad ekstra fûgels binnen, mar ek oare bisten wurden nei it opfangsintrum brocht. "Itselde jildt ek foar hazzen. Dan fine minsken in lytse hazze yn it lân en tinke dan dat silich is. In hazzemem ferspriedt altyd har jongen oer it lân, sadat de kâns lytser is dat in foks of in oar rôfbist it hiele nêst yn ien kear leechrôvet. Lit dy hazzen dus foaral lizze, de mem is wol yn de buert. Dat jildt ek foar reekeallen. Je kinne ús better earst belje foar advys wat je dwaan moatte, as dat je in bist al oppakke. Dan rûkt it jong nei minsken en dan stjit de mem it ôf."

De biste-ambulânse fan Grins brocht dizze seefûgel nei de Fûgelhelling - Foto: Omrop Fryslân

Strikwerda seit dat guon bisten ek ferwûne binne. "Dan hat in kat in jong fûgeltsje bygelyks al te pakken hân en yn sokke gefallen is it wol fan belang dat se holpen wurde, want in baktearje fan in kat kin deadlik wêze foar in fûgel."

Ek de drûchte spilet mei. No't der de lêste wiken net in soad rein fallen is, is it foar jonge fûgels dreger om wetter en fretten te finen. Foar de Fûgelhelling is it fersoargjen fan al dy bisten in útdaging, want troch deselde coronakrisis binne der minder frijwilligers. "Wat je dwaan kinne is wat kattefoer en wetter delsette foar de fûgels, dan rêde se har dêr mei. Hâld de kat dan foaral binnen, want oars gean de fûgels der dochs noch oan. As de fûgels keal of ferwûne binne, dan hawwe se wol ekstra soarch nedich en kin De Fûgelhelling belle wurde.

Frijwilligers

In soad frijwilligers fan De Fûgelhelling falle yn de risikogroepen fan it coronafirus. "Wy moatte no dus mear wurk dwaan, mei folle minder minsken. Dat is dus wol aardich oanpoatsjen", beslút Strikwerda.

Raya Strikwerda fan De Fûgelhelling

(advertinsje)
(advertinsje)