Fryslân koprinner yn ferbod op ballonnen oplitte

09 jun 2020 - 11:19

Fryslân is koprinner as it giet om gemeenten dêr't it ferbean is om ballonnen op te litten. Dat docht bliken út ûndersyk fan Stichting de Noordzee, meldt de NOS.

Foto: Pexels.com

Yn 14 fan de 18 Fryske gemeenten is der ûnderwylst in ferbod om ballonnen op te litten. It fenomeen is skealik foar bisten, om't dy tinke dat it om fretten giet. En boppedat reitsje se fêst yn de linten dêr't de ballonnen mei oplitten wurde. Lanlik sjoen ferbiede hieltiten mear gemeenten it oplitten. De fjouwer gemeenten yn Fryslân dy't safier noch net binne, ha wol in ûntmoedigingsbelied. It giet dan om de gemeenten Smellingerlân, Opsterlân, East- en Wesstellingwerf. Minsken moatte dêr in ûntheffing oanfreegje of se moatte it melde.

Kustgebieten rinne foarop

De stichting sjocht in sterk ferskil yn belied tusken de provinsjes oan de kust en yn it binnenlân. Yn Grinslân, Seelân, Noard- en Súd-Hollân skoare boppe it lanlik gemiddelde. Limboarch hat it leechste persintaazje, dêr hat 13 prosint fan de gemeenten in ferbod op it oplitten fan ballonnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)